Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Clown en bussjauffeur

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ta oantins oan Hessel Piersma

Hy wie bussjauffeur
en liet it rubber rûzje
oer binnenwei en autodyk,
hy die syn wurk mei fleur,
bespile glimkjend tagelyk
it stjoer, de passazjiers
en paskebern, hy koe se
mei hert en mûle reitsje
en laitsje litte, makke bryk
wat rjocht wie, joech wer kleur
oan tryste eagen, sa wied er
clown en bussjauffeur.

Hy tocht libbensmoed
en -ein yn kombinaasje,
belibbe de ferbeane tiid,
omdat it grutte hert
foar bern koe minder goed
it bloed troch ’t lichem pompe
en yn de alteraasje
loek bryk wat rjocht siet,
ferblikke elke kleur,
ferstomme ek it lûd,
sa kaam de libbensein
yn kombinaasje fan
clown en bussjauffeur.

‘Hij was maar een clown’,
sa rûzen mankelyk de lûden
oer kiste, blommen, rigen folk
en tagelyk, as teken fan har rou,
besong yn trije kleuren stil de wolk
by ’t busstasjon, dêr’t tsjillen rûzen,
syn goedens, humor en syn fleur,
mar ien ferstienne ta in oantins oan
syn libben: clown en bussjauffeur.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum