|   It âlde spoar bliuwt grif bestean,ferbynt al jierrenlang it folk
 oer parallelle izers,
 earst klonk ’t blazen mei in wolk
 fan stoom en reek oer ’t griene gea.
 De swarte stoar in wisse deanei ’t blazen fan de lêste stjit
 yn ’t draaien fan de wizers
 om’t de tiid fan ’t nije wit,
 fan blauwe ingel oant wyt-read.
 Wêr’t nij komt, wie in smelle sleatdy’t damme waard mei frachten sân,
 it bêd foar parallellen,
 flitsend sil it folk troch ’t lân,
 de tiid bliuwt net by deaden stean.
 ’t Is mar in stap en sprong te geannei ’t bêd fan ’t swarte deaderyk
 fan parallelle sellen,
 mei de tiid wurdt romme ’t lyk,
 gjin spoar bliuwt fan dat folk bestean.
 
 |