Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Judit as gast

Bibelbylden
PDF Print E-mail
Holofernes, út ‘e skroeven
fan de kreaze frou dy’t kommen wie,
woe ha dat Bogoäs har helle
foar ’t feestmiel dat er yn de holle hie,
sadat se nachts ek by him toeve.

Eunúch Bogoäs ferhelle
Judit dat sy noege waard as gast
om har dan op it feest te earjen;
se knikte, wist hoe’t soks ferrinne moast,
mar soe dat oan gjinien fertelle.

Holofernes spatte fonken
fan ferealens doe’t sy by him lei
oan ’t miel, hysels lei ’t oan op drinken,
safolle dat de holle him neat sei…
en Judit murk it, hy wie dronken.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum