Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Judit sprekt oan

Bibelbylden
PDF Print E-mail
Judit stie foar Holofernes oer
en foar syn stêf mei skerpe swurden,
fielde har as frou alhiel gjin hoer,
spriek wize en slûchslimme wurden:

Nebûkadnessar, kening fan de ierde,
fan minsken, fûgels en fan fee,
hat jo as generaal de wrâld oer stjoerd,
om rûnom oarder yn te stellen
fan it iene nei it oare stee;
jo binne tûk, bekend is ek jo moed,
dy’t oansprekt, liedt ta heldedieden.
Mei myn eigen folk giet it ferkeard:
wat inkeld God takomt, wurdt iten,
dat de straf sil harren net ûntgean,
jo binne dêrta wol by steat;
it sil de kening grif net spite,
dus dan krije jo ’t fertsjinne lean.
God hat my stjoerd om jo te rieden,
want ik bin op ’t lêst in fromme frou,
dy’t nachts bidt om te hearren:
as myn folk brekt wer de trou
oan God, dan komt it oan op dieden,
neat kin ’t mear foar jo bedjerre.

Holofernes wie ien each en ear
foar Judits skientme en har wurden,
foar de stêf wie ’t as de dei sa klear,
sy soe de stim fan ’t leger wurde.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum