Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hamans ûndergong

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Foar de twadde kear waard ’t gastmiel holden,
op ‘e nij kaam wer deselde fraach:
‘Wat is dyn winsk, ik jou it graach!’
Se seach dat Haman wat ferskode.

Image

Ester liet de kening ’t moardplan witte,
wiisde Haman as betinker oan:
‘Hy hat it foar ús folk bedoarn!’
Se seach dat hy begûn te switten.

Ahasfearos skeat oerein, fol grime
skonke hy troch gong en blommetún,
seach Haman no as in skarlún,
wist hoe’t syn wet mei ’t moardplan rime.

Haman foel op knibbels foar foarstinne
Ester, eage fan ellinde grau,
de kening seach him by syn frou
en tocht hy woe har leafde winne.

Image

Yntrigants gesicht waard doe bewuolle,
Ahasfearos’ útspraak wie net heal,
want Haman sels kaam op syn peal,
sa waard de foarst syn grime kuolle.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Ahasfearos en Haman by Ester oan it miel’
Skilderij ‘Haman smeket Ester om genede’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum