Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Samar fuort

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It is in kante meter grut,
want grutter wie it famke net
dy deis doe’t sy dêr boarte;
de klokken tikken it ’te let’,
want samar wie se fuort.

De fiver wie net al te grut,
de linetrie hong wol te heech
dy deis doe’t sy dêr boarte;
it wetter noege fol beweech
en samar wie se fuort.

Sy hie har eigen boartersguod,
in poppe mei in fleurich sin
dy deis dat sy dêr draafde;
de flinter fleach en yn de rin
wie ’t famke samar fuort.

It is in kante meter grut,
te grut foar buorlju, ek foar Snits,
omdat sy net mear boartet,
want as in flinter yn in flits
wie ’t famke samar fuort.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum