De swarte hintsjes fan it reid
mei reade snaffel, wite sturt
ferkearden hiel de lange winter
yn de stêd ta eigen nut,
omdat de lijte har wol leit.
En doe’t de maitiid einlings kaam,
kriich elkenien ’t hormoaneshot
mei as gefolch in lange sessy,
dy’t ûntaarde yn ’t komplot
fan stikem farre mei de faam.
Soks gie net sûnder slach of stjit,
dus ien stie op ‘e peal op wacht
en soe by ûnrie sturtsjewippe,
wylst de ploech mei man en macht
de boat ferloste fan it spit.
Dy aksje joech de keardels hoop
op ek in goed ferfolchtrajekt,
foaral om mei de faam te frijen,
mar se ha har flink ferrekt
fan ’t skuorren oan dy iene knoop.
|