It mei, de foet kin op ‘e rem,
de holle efkes bûten it portier,
want sjoch, wat is dat mem?
It kin, twa tsjillen yn de berm,
net lang, want wat de wet wol dat is wier,
mar sjoch, dêr stiet in skerm.
It moat, de foet wer op ’t pedaal,
’t wie koart, mar heit, wy seagen net in sier,
in bon is oare taal.
’t Wie neat, it like nearne nei,
it wiere libben ljochte fierste fier,
want sjoch, in nije dei. |