fan ûnbekend*
Job hie trije maten:
Bilhad, Elifaz en Sofar
kamen oan de weet
dat syn bedriuw wie wei,
sy praten oer syn leed.
Mei har trijen reizgen
Bilhad, Elifaz en Sofar
nei it lân fan need;
begrutsjen brocht elk mei,
it praat gie oer syn leed.
Ut ‘e fierte seagen
Bilhad, Elifaz en Sofar
Job bleat yn it stof;
de ein wie derfan wei,
’t wie ’t leed dat harren trof.
Droege moude struiden
Bilhad, Elifaz en Sofar
fan fertriet op ’t hier;
de skuorde mantel lei
nêst har, troch ’t lijen skier.
Om Job hinne sieten
Bilhad, Elifaz en Sofar
dagen, nachten… seis;
sa wie de freonskip mei
syn lijen ûnderweis.
Yllustraasje ‘Job en syn freonen’ |