Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nachtwacht

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt van Rijn*

Image

De opdracht kaam fan kaptein Cocq,
’t wie yn de fleur fan ús bestean,
ik tocht myn Saskia hie noch te gean
in libbenlang yn ’t ljocht fan clair-obscur,
sy wie myn leafde en myn lok,
’t palet fol kleuren, klear en puer.

’t Kaam as befel, ik stie foar ’t blok:
in optocht fan de skutterswacht,
beweging mar jou tagelyk ek acht
op de portretten, leafst yn ’t folle ljocht
en grut genôch, gjin byt of brok,
dat wie ’t begjin dêr’t hy oan tocht.

Mei ’t sketsen hie ‘k it fleanend drok,
wylst sy posearren, hjir en dêr,
yn ’t ljocht fan sinne, moanne, wol as stjer
en wiere wapenbruorren fan gewicht,
mar Saskia beseach de gok
en joech de bern ek in gesicht.

De dei kroep nei de jûn, de nacht
kaam fluch, joech inkeld noch obscur,
har libben stûke, wie fan koarte duer;
ik sjoch mysels yn ’t ljocht as stil portret
mei ’t boek as wapen wol op wacht,
mar har palet dat ha ik net.

Image

** Rembrandt van Rijn (1606-1669),
ien fan de grutste Nederlânske skilders,
skildere ‘De Nachtwacht’ fol beweging
en ‘Selsportret’ ferstille, mar beide
yn clair-obscur.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum