Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Klacht fan Habakuk

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Donatello*

Hy wie profeet, mar net ferneamd
yn eigen tiid en letter ûnbekend,
syn namme: Habakuk;
it ûnrjocht hat er by de namme neamd,
de wrâld wie rûnom oan it kweade wend.

Image

Net inkeld klage Habakuk
it ûnrjocht oan, syn klacht trof ek de Hear:

Wêrom litte Jo my ûnrjocht sjen,
Jo sjogge dochs it kweade ek?

Wêrom giet de krêft fan wet ferlern
en stiet rjochtfeardigens foar gek?

Hoe lang rop ik al jo bystân yn,
hoewol’t ik skreau, Jo hearre net.

Om my hinne raast in kweade wyn,
mar fan jo stim ha ik ferlet.

Sa klonk de klacht fan Habakuk,
want as profeet gie hy oer dieden gear.

* Donatello (1409-1442)
Moarmeren byld ‘Profeet Habakuk’

 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum