Dêr stiet er bleat mei toarnekroan
en oer de skouders ’t keningskleed;
it folk herkent gjin Davidssoan,
mar âlet wreed
syn deadewins;
Pilatus wiist:
‘Sjedêr de mins!’
*
Dêr rint er noch mei toarnekroan
en op it skouder leit it krús;
it folk slacht mei syn skerpe toan
syn lea oan grús
noch foar de dea
op Golgota:
der mar op ta!
**
Wêr is er bleaun? Hy wie dochs stoarn!
Mar op it grêflid falt it kleed
dat wyt is fan de iere moarn;
foar har in weet:
‘Lit los dy tins
fan dea yn ’t rûn,
sjedêr de mins!’
***
Dêr rin ik yn de iere moarn
en sjoch de ierde yn it wite kleed,
de tûken foarmje hjoed de kroan
fan nei de freed
de nije mins;
dêr stean ik dan
mei iepen lins:
* ‘Kristus foar it folk’ (sirka 1450)
fan in anonime skilder
** ‘It dragen fan it krús’
fan Jeroen Bosch (sirka 1540-1516)
*** ‘De frouwen by it grêf’
fan Hubert van Eyck (sirka 1380-1426)
en Jan van Eyck (sirka 1390-1441) |