Ut it skûtsje-argyf 1995
Dêr stekt er as de heechste op
foar ’t eigen folk, tichtby de pier,
hjoed sil it grif wer heve,
mar foar ’t winnen is it noch te ier.
De liuw hat fjochtsjen yn de kop
en stekt ek op, leit like skraal,
hjoed sil er ien lansearje,
foar de Lemsters is ’t in tryst ferhaal.
It wurdt in botsing, kop mei kont,
de liuw stjit op it Lemster roer,
dat Jelle* wurdt lansearre,
earst de loft yn, dan de weagen oer.
Wol santich hynders lûke him
oan board, de skipper, net ferslein,
sylt troch, mar ’t sil net heve,
want de liuw hat him it near oplein.
* Jelle Reyenga |