Ut it skûtsje-argyf 1993
Wolken, wyn en weagen,
eleminten foar de striid
op Wide Ie en Pikmar,
mar it skipsfolk krige amper tiid
foar wat har kaam foar eagen.
Bakboard! Stjoerboard wike,
’t Hearrenfean derachter lâns,
De Jouwer koe it hysje,
krige fan de Feansters alle kâns,
teminsten sa’t it like.
’t Fean yn topposysje
troch de finish sûnder fjoer
en nei de striid gjin flagge,
want foar ’t Jouster skûtsje wie it oer,
it koe ’t op ’t lêst net hysje.
|