Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Jona yn de fisk

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Albert Pinkham Ryder*
fan James Tissot**

Image

Jona fielde wol de see,
mar gie dêr net folslein yn ûnder,
de mage fan in fisk wie ree
as wenning, ’t fielde as in wûnder:

Deabenaud rôp ik de Iene oan
en wûnderlik, Hy hat my heard
doe’t ik it deaderyk al seach
yn wylde baren om my hinne,
want ik ha ’t foargoed bedoarn,
sa tocht ik doe by elke weach,
de Iene wol my net mear sjen,
soe ik dan wol wer sjen de stêd
mei ’t hillichdom om heil te winnen?
Doe’t it wier my om de holle siet,
de see my nei de ôfgrûn brocht,
ik tocht ik bin foargoed ferlern,
wist ik de Iene om my hinne,
dy’t ek harket nei myn bea en liet
by ’t offer dat ik bring mei nocht,
want dat sil ik wer kinne.

Jona fielde net de see,
want stadich gie er wer nei boppen,
de fisk wie mei syn gast wol ree,
sa hat de Iene him wer roppen.

Image

* Albert Pinkham Ryder (1847-1917)
Skilderij ‘Jona op see’

** James Tissot (1836-1902)
Skilderij ‘De profeet Jona’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum