fan Paul Gauguin*
‘Bonjour, monsieur Gauguin,’
seit op dy koele moarn
syn buorfrou Bleu op klompen.
It is him oan te sjen
dat hy har toarre toan
begroetsje wol mei stompen.
De fûsten yn de jas,
de lippen op it slot,
de pet heal oer de eagen,
lit hy syn kleuren los
de boeretrut ta spot
mei wyn en rein yn fleagen.
Hy dreamt syn sinnich sin,
de tinten waarm fan fjoer
foar ’t frouwebleat yn Eden:
‘Bonjour, monsieur Gauguin!’
Dit komt him soeler oer,
syn kar foar oare seden.
* Paul Gauguin (1848-1903) wie in Frânske skilder.
Hy socht syn hiele libben nei it paradys sawol
geografysk as artistyk.
Gauguin befoer alle oseanen om út te kommen
op ‘e Marquises eilannen yn de Stille Súdsee.
Syn skilderijen tsjûgje fan in brede opset
en waarme kleuren.
|