Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ruters op it strân

Keunst
PDF Print E-mail
fan Paul Gauguin*

Image

It blaugrien sjongt it rûzjen fan de see,
it rôze ropt oer de waarmte fan it strân,
de sinne set de brune lea yn brân,
wylst sleept de wyn de skilder nei syn stee.

Bretagne is de Stille Súdsee net,
de kust fan famkes mei it skeane each
dat sjocht as wiene se hjir bûten set
yn stoarmjend waar mei weagen as in pleach.

Image

Hoe sil de skilder ’t lân fan westewyn
besile mei syn waarme kleurpalet?
Hy set it seil en weaget bûten wet
fan strakke styl de fiere wrâlden yn.

Image

Mar lizzen bliuwt de wiere optimist
mei lege akku’s yn de kop fan stiel
dy’t fantasearret sûnder dat er mist
Hawai, werklikheid as ûnderdiel.

* Paul Gauguin (1848- 1903) wie in Frânske skilder.
Hy socht syn hiele libben nei it paradys sawol
geografysk as artistyk.
Gauguin befoer alle oseanen om út te kommen
op ‘e Marquises eilannen yn de Stille Súdsee.
Syn skilderijen tsjûgje fan in brede opset
en waarme kleuren.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum