Ut it skûtsje-argyf 1991
Ut ‘Skûtsjejournaal 1988′
Laitsjend sette hy* útein
as skipper fan syn eigen skûte
dy’t syn heale siel besiet,
de rest hie hy yn ’t libben lein
dêr’t hy de himel ek wol moete.
Lyrysk wied er, sa ferbûn
de skipper silen mei dêrboppe,
fêster as de mêstfoet stiet,
úteinlik waard er kampioen
en soe it grif noch fierder skoppe.
Ut ‘Skûtsjejournaal 1988’
Sloech it hert doe wolris oer
as sein fan ‘meitsje gjin obsesje
fan it silen, ken dyn miet’,
hy sette troch, fan koarte doer
lykwols, hy hie noch mar in restje.
* Siete Meeter |