Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sa seit de Heare

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

Image

Op ‘e nij klonk Amos’ lûd:
Ik ken jim feesten, seit de Heare,
rûke mei Ik dy net mear,
de offers komme my de noas út.
Kin Ik jim balten noch ferneare?
Mei dy lieten bin Ik lang al klear,
de harpen mei Ik net mear hearre,
dus daagje Ik jim hjoed noch út:
lit rôlje ’t rjocht as wetterweagen,
rjochtfeardigens as in rivier,
gjin droechte sil it bêd bedjerre,
lit it streame ta myn ear…
mar eare joegen jim yn de woestyn
oan makke bylden dy’t jim seagen
as jim goaden, foar it folk yn ’t spier,
dat sloech myn lieding yn de wyn;
meikoarten komt de oere
dat der is gjin rêding mear,
Ik sil jim dan as balling stjoere
fier foarby Damaskus,
poer de frjemdte yn.

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘De profeet Amos’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum