Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tradysje

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1990

Ferfang it grien troch blau
en Wimbledon wurdt Grou,
in wrâldferneamd gefjocht,
lang libje de tradysje!

Image

Kom freed al yn it spier
en drink it Hallebier
by skûtsjepraat en nocht,
proast op ‘e Grouster plysje.

Sleep sneon de skûtsjes mei,
it oansjen is dernei,
noch foar de frije start
kin Grou al konkurrearje.

Image

Syl skraal de Tynje troch,
foar skippers in gedoch,
’t publyk sjocht wat der bart
en hopet op lavearjen.

Sjoch hoe’t De Jouwer wint,
sa hat it dochs net kind,
want wat de Flecke docht,
giet yn tsjin de tradysje.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum