Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gelok by ûngelokken

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1990

Der kamen dikke pûsters
achter ’t Earnewâldster beamguod wei,
foarsizzing fan wat ûngemak,
sa sei it folk de twirren nei,
de fraach wie wannear fynt it plak.

Al daliks nei it starten
draaiden Sietes* eagen yn it rûn,
dat Boalsert tocht: dit wurdt him net,
de skipper hat de geast al jûn,
mar ’t wie de spanning, net it hert.

Image

’t Waard hysjen by de Lemsters,
want twa saaiden fan it skûtsjedek
en swommen brûzjend yn de striid,
it resultaat wie net sa gek:
wer binnenboard, mar dweiltrochwiet.

Image

Image

It Hearrenfean** koe ’t hysje,
mei in brede snor foar kop en swurd
foer ’t hurd nei buordsje fjouwer ta;
wat hie de loete noch foar nut…
dy briek, in ûngemak, no sa.

Image

* Siete Meeter
** It Hearrenfean klom fan fjouwer nei ien.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum