Ut it skûtsje-argyf 1989
Earnewâld, it kin net minder,
der stiet gjin suchtsje wyn, ’t is blak,
mar dochs, ’t publyk ropt: ‘Sile, blinder!’
Sloppe seilen, slepend starte,
soks past net by it skippersfak,
mar dochs, ’t publyk ropt: ‘Sa sil ’t moatte!’
Skûtsjes driuwe sloom en stadich
troch ’t Sigersdjip, as glês sa flak,
mar dochs, ’t publyk fynt: ”t Giet wol aardich.’
Skûtsjes botse, fonken spatte,
dan bome mei sa’n stielen bak,
mar dochs, ’t publyk ropt: ‘Spannend, watte?’
Skippers stake, lizze lekker
en hâlde blakstil har gemak,
mar dochs, ’t publyk fynt: ”t Moat net gekker.’
Seilen strike, hjitte koppen,
protesten tsjin it earste plak,
mar dochs, ’t publyk ropt: ‘Meindert* boppe!’
* Meindert de Groot
fan de Súdwesthoeke
kaam as earste oan. |