Ut it skûtsje-argyf 1989
Detail yllustraasje fan Peter Dennis
It wiene rôvers fan de see
dy’t yn in skier ferline
Fryske seelju sylden op ‘e kont;
mei bút werom nei harren stee,
sa diene doe de kapers.
Dúntsjerken lit se no wer komme,
gjin tsjerke iepen foar de frommen!
’t Imago is hjoed yn de war,
sa fine fabrikanten:
‘Fryske skippers foar it front,
jim sile yn ’t Bassin, ús mar,
en spylje sa foar kapers!’
Dúntsjerken hat in gouden lading,
dat skûtsjeskippers meitsje gading.
In sleep bringt har nei ’t fiere oard,
sa leit yn de bedoeling:
Fryske skippers kop oan kont,
as Grutte Pier mei hiel de float,
dan stake lykwols kapers.
Dúntsjerken sykhellet ferromme
no’t Fryske kapers it ferdomme.
|