Twizelerheide, doarp mei lapen
kleur: dyn reade dakken, giel en grien
it klaverblêd, dyn skeaf mar ien,
twa stjerren noch, sjedêr dyn wapen!
Mar wêr is it pears fan heide
en it kleare pingoblau?
Mei eigen skiednis stekt it nau,
it wapen mist dy beide.
’t Wie troch ’t boaiemiis dat teide
yn de Fryske toendragrûn,
dat wetter yn de rûnte rûn
fan pingo’s yn de greide.
Withoefolle ieuwen letter
kaam de iistiid strang werom
mei yn de spitkeet rêgen krom
fan earmoed, drippend wetter.
Klaver trije kin fertelle
fan de tiden fan it jier:
de maitiid, simmer, hjerst yn ’t spier,
mar yn de winter stelle.
Beide stjerren binne strielen
fan de mienskip yn dit plak:
de stoel is foar de klok it dak,
it doarpshûs om te dielen.
Twizelerheide, doarp mei tinten,
mear as ’t trijekleurich wapen biedt,
de skeaf dy’t yn de midden stiet,
hat takomst op ‘e skiednis inte. |