It wie Advint, de fjirde snein,
mei ’t iis noch yn de sleatten
dat ‘k de rûte fan de bermen rûn
wylst klokken foar de gongers letten,
fol ferwachting op ien ein,
doe’t ik wat oars yn ’t bermgers fûn.
De hannen, waarm fan wollen want,
bekuollen yn de dize
wylst ik my bûgde nei de pelikaan,
syn flecht ferwachtsjend út it grize,
bleau hy laitsjend oan de kant
om hoe’t ik op ‘e kofje kaam.
De rûte wie noch lang net rûn
op hichte fan de tsjerke
mei de fûgels yn de sneinske pronk
dy’t neat fan ingels hiene, flerken
fêst as oan de tûken bûn,
fan ’t gloria sels net in fonk.
De sinne kaam as pelikaan
my laitsjend read foar eagen
doe’t ik fierder rûn en sitten seach
op ’t deadehôf in blauwe reager,
fol ferwachting op wat kaam:
dat hy as fjirde heger fleach.
|