Ut it skûtsje-argyf 1988
De lêste nacht, it spant derom,
mar Tjitte* kin wol sliepe
mei ien punt foar Jelle**, dan de rom,
dochs leit de striid noch iepen.
In lange nacht fan jou dy del,
want Jelle leit lang wekker,
yn de harsens tikket tel op tel,
dat puntsje leit net lekker.
De dei brekt oan mei it berjocht:
it sil mei ’t waar ek heve!
Mar is wyn gjin skippers rjocht en nocht,
al moat er dan ek reve?
Dy middei boazje twirren oan
mei mear as in pear punten:
acht Beaufort, it gûlt op hege toan,
seis skippers dy’t noch stunte.
De spanning brekt, ’t is no wol klear:
De Lemmer hat it helle!
’t Gûlt en ’t streamt dy middei noch in kear:
de soannen mei heit Jelle.
* Tjitte Brouwer
** Jelle Reyenga |