Ut it skûtsje-argyf 1988
It wie gjin man fan ’t romme wiet,
mar earder fan de smûke wâlden,
Anne Woudwijk, houwer,
keardel fan de hurde died,
it nije út it âlde.
Gjin brûnzen strontkleur, Belgysk stien,
dêr soed er ’t skûtsjebyld út houwe.
’t Wurd fan yndianen:
‘Stien is mei de minske ien
yn ’t praten en yn ’t bouwen.’
Gjin stiel mar stien, gjin skipper koe
sa’n skûtsje hâlde yn de touwen,
Woudwijk wol, de houwer
wiisde hoe ’t it sile soe
sa tusken sân gebouwen.
|