Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wrâldkampioenskip

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1988

Klaas Adema kaam mei it plan:
wa wurdt fan ’t jier de kampioen
fan Nederlân?
Want skûtsjesilen is net bûn
oan Fryslân, ’t is foar alleman.

Mar Eldert Meeter wie poer tsjin
op ’t stellen fan de skûtsjeshow
troch Nederlân:
de skipper ’t skip, de boer de ko,
sa is ’t de Fries bêst nei it sin.

Image

De skipper dy’t de Tynje skraal
besylt, is skûtsjekampioen
fan hiel de wrâld:
hy hat rûnom sensaasje jûn
en elk ferstiet dy skipperstaal.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum