Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ballade fan de einekoai

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De beamgroep yn de fierte
hawwe kij gjin boadskip oan,
mar ik woe wol graach witte
hoe’t dêr libben lei bestoarn.

Ik hie der earder hinne
west, mar ’t wetter hold my tsjin,
no koe ik hichte winne,
oer de hikke nei myn sin.

Image

Dêr wachte my de koaiker,
in skym út earder tiid:
‘Ik ha foar dy de koai klear,
lit ús slûpe nei de striid.’

Ik moast wol sân kear bûge,
oars waard ik Absalom
dy’t yn de lytse loege
mei it hier oan tûken hong.

Image

De koaiker sweefde better
tusken reid en beamte troch:
‘Sjoch, dit is no myn wetter
dêr’t ‘k myn einewurk op doch.’

Ik seach noch amper wetter,
ek gjin ein dy’t fleach of swom,
iksels swom efkes letter
yn in droege fangpiip om.

Image

De koaiker en syn hûntsje
dreauwen my doe nei de ein:
‘Dyn nekke yn in rûntsje,
dan bist gau nei gichem flein.’

Ik fleach… mar nei de hikke
en beseach it fûgelboerd;
de deastraf troch te stikken
gong hurd hurd en sûnder bloed.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum