Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fleartiid

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
‘k Ha earder oer him dichte,
oer syn wolkehege blom
yn ’t ljocht fan alle dagen langer,
want syn pracht wie ek syn rom,
it wurd hie doe de flear.

Image

Hy hat my net ferplichte,
kom do mei de tiid werom
en spylje wer foar skientmefanger,
want foar letter wied er stom,
gjin wurd mear fan de flear.

Wat is de tiid?
De dyk hat noch syn berm en namme,
’t bûtlân rint it jier troch nei de mar,
de beammen steane noch op stammen,
yn de fierte rint it grutskipsfar
en ’t gea is wiid.

Ik wol wer oer him dichtsje,
oer syn fruchten út ‘e blom
yn ’t ljocht fan alle dagen koarter,
want de ierde freget om
de siedden fan de flear.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum