fan ûnbekend*
fan Jan Luyken**
It koe net heger as it dak
fan ’t keninklik paleis,
de heechmoed fûn dêr plak,
’t bleau hingjen by stap seis.It sloech ynienen yn it brein
dat dit wie net syn plak,
hy kroep earst nei it plein,
de grûn wie hurd en flak.
Syn frjemde eagen stiene skril,
hy wist fan troan noch kroan,
rûn fierder sûnder wil
en kaam by bisten oan.
Hy seach fan har it fretten ôf,
de mûle waard in bek,
it gers foel him net rau
yn ’t liif… wa wie no gek?
Seis stappen sieten yn it brein
oant hy him deljûn hie,
doe waard as wierheid sein
dat sân de takomst wie.
It koe noch heger as it dak,
omdat de Iene sei
wat wie de foarst syn plak,
dêr hied er frede mei.
* Yllustraasje ‘Nebûkadnessar as bist’
** Jan Luyken (1649-1712)
Ets ‘Nebûkadnessar fret gers’ |