Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Keninklike beam

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Nebûkadnessar hie al wer in dream,
dy’t him alhiel yn ûnstjoer brocht,
gjin wize joech mei útlis ljocht,
wat hie de kening mei sa’n beam?

Doe rôp de foarst de wize Daniël,
dy’t earder kommen wie mei ljocht
oer ’t byld, dat der earst wêze mocht,
mar letter kaam it brutsen del.

Image

Nebûkadnessar brocht syn twadde dream
sa byldzjend dat elk ’t foar him seach:
‘Sjedêr, wat midden op ‘e ierde stie
en oan de himel ta: in brede beam
mei fruchten, kostlik foar it each;
de bisten fûnen ûnder skaad
en fûgels fluiten boppe dat it die,
foar dier en minske stie de beam paraat…
Sjedêr, wat roppend út ‘e himel fleach:
in hillich wêzen, harkje nei it wurd
dat oer de ierde klonk, in weach
fan lijen, want de beam moast fuort,
de dieren hiene dêr gjin baat
mear by, wol bleau de stobbe stean
yn ’t wiete gers; it minske-aard
feroare yn dat fan in bist,
sân tiden soe ’t sa mei him gean.’

Doe brocht de wize Daniël it ljocht:
de beam feroare yn de foarst
dy’t waard ta bist, sa libje moast
oant hy de Iene eare brocht.

* Ut ‘Bijbelenzo’
Yllustraasje ‘De twadde dream fan Nebûkadnessar’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum