Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skuldich

Lyrysk Deiboek


Wa wiist oan wa’t skuldich is
oan ien beheining fan it bern:
allinnich om in bern te wêzen.
Gjin mem… dy’t  him it libben joech,
gjin heit… dy’t har op hannen droech,
gjin god dy’t harren heinde.

Wa wiist oan wa’t skuldich is
oan ’t blieden fan helpleaze bern,
hoewol’t sy noch ûnskuldich binne.
Gjin mem dy’t him yn libben hâldt,
gjin heit dy’t har foargoed behâldt,
gjin god dy’t harren rêde.

Wiis de wrâld oan alle bern
dy’t roppe om gerjochtichheid
om’t sy massaal fermoarde binne.
De mem gûlt om har stoarne soan,
de deade dochter deart heit oan,
gjin god bestiet foar harren.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum