Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Lyk ta libben kommen

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

It fean joech net allinnich turf
om waarm te wurden by de hurd,
mar levere de wittenskip
ek kennis oer de libbenswize
fan it folk dat swarde by de dea,
in offer om hjoed fan te grizen.

De lodde stjitte op in lyk
dat tinken die oan wat wie mis,
in moard yn de resinte tiid;
de wittenskip liet lykwols witte:
yn ’t ferline wenne yn dit gea
in folk, it liet it offer switte.

De man wie tritich, fjirtich jier,
hy kriich in grou tou om de hals,
waard dêrnei yn de hichte hyst,
sadat hy sûnder siken rekke,
twingend fregen goaden om syn lea,
noch sit har teken yn de nekke.

It fean joech net allinnich turf,
bewarre ek in oerâld lyk,
oerbliuwsel fan in wif bestean;
de wittenskip is wiis mei ’t finen
fan in lyk dat opriist út ’e dea,
sa sil ’t ferline net ferdwine.

* Foto ‘Man fan Tollund’
** Foto ‘Holle fan de man fan Tollund’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum