Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Froulju earst

Keunst

fan Herman Heijenbrock*

Allinnich froulju meie sitte
as kompensaasje foar in leger lean
as manlju dy’t no ienkear sterk stean
yn ferhâlding ta de baas…
hy lit syn minsken switte.

Earst stie gjinien dêr swit te feien,
want de baas wie goed foar elkenien,
sa wie it troch de jierren hinne
altyd gien, gjin better baas
as hy, gjinien hie kleien.

Hy stiet foar har en lit no witte
dat de tiid wat minder wurdt, sadat
net elkenien deselde takomst
hat, it spyt him wol as baas…
hy moat guon switte litte.

Allinnich froulju meie sitte
as kompensaasje foar ‘sy earst derút’;
om’t manlju sterker stean, falt diskear
dit beslút, wat kin de baas
oars dwaan as ’t witte litte?

* Herman Heijenbrock (1871-1948)
Skilderij ‘Oerlis yn it fabryk’ 

Skilderij ‘Manlju oan it wurk’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum