Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De Molkwei

Keunst


fan Peter Paul Rubens*
Sjedêr de lytse Herkules,
soan fan god Jupiter,
dy’t frjemdgong mei Alcmene,
de mem dy’t neat joech om har soan,
sadat hy kaam oan ’t boarst fan Juno,
doe ûntstiene stjer nei stjer.

Sjedêr de heit-god Jupiter,
op ôfstân fan syn soan,
tichtby de earn en bliksem,
syn selskip op ’e himelwei,
hy lit it soargjen oer oan Juno,
sjocht it ûnferskillich oan.

Sjoch Juno lytse Herkules
it boarst jaan nei’t har wein
dy beide brocht hie, lutsen
troch pauwen op ’e himelwei,
sy naam de taak oer fan Alcmene,
dêrmei wie net alles sein.

Sa wyld dronk lytse Herkules
dat spatten út it boarst
feroaren yn de Molkwei,
in wei sa’t it no ienkear moast.

* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘De berte fan de Molkwei’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum