november 8, 2025

fan ûnbekend*
Wêr’t Gods tsjinner al net kaam
mei ’t lofliet op ’e lippen,
bouwend oan in lyts gebou
dêr’t hy yn preekje koe,
syn wurden waarden drippen
yn drûge sielen op it eilân
Gaztelugatxe.
Fan de tsiende iuw al ôf
ha sy it lofliet songen
op it alderheechste punt,
dat lei yn ’t sicht fan lju
dy’t kristenen ferkrongen:
de muorren brieken ôf op ’t eilân
Gaztelugatxe.
Troch de iuwen hinne waard
wer opboud wat fernield wie;
wa ’t it alderheechste punt
berikte, die de winsk
dat Gods folk net ferdield wie:
de muorren bleauwen stean op ’t eilân
Gaztelugatxe.
* Foto ‘Gaztelugatxe’ yn Baskenlân, Spanje’
oktober 15, 2025
augustus 12, 2025