oktober 30, 2025

Foarút ús stap en eachopslach ,
wy kieze foar de regio,
massaal marsjearjend nei De Haach
om dêr foargoed ús slach te slaan,
wy stimme foar gjin Waterloo.
Hoera, de stimming sit deryn,
jûchhei no foar de regio,
wy smeitsje hjoed de boer syn sop
en meitsje foar syn stap rom baan,
him folget trou de Fryske ko.
De Fryske flagge heech yn top,
model foar elke regio,
al like kleurich as read burd,
lit Grutte Pier De Haach ferslaan,
gjin sprake fan de fredesdo.
Sjedêr, histoarysk is de slach
bestimd foar dizze regio,
in djiptepunt foar baarch en geit…
sil ea de boer syn sop noch jaan
no’t hy al fûn syn Waterloo?
oktober 21, 2025
oktober 9, 2025