Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Klappen

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1986

Se seagen moarns al yn it waar
mei wolken dy’t by ’t swurk lânsjagen,
wiene net benaud foar wyn of baar,
mar hiene wol beskate fragen.

Ferhâldt it túch him mei de mêst
of moatte wy twa reven stekke,
litte wy de wanten like fêst
of steane triedden dan op brekken?

Image

It hong deryn, al by de start
en ek by Teakesyl syn pylder,
Siete* krige rom en rûch syn part
foaroan, gjin skipper sylde wylder.

Dochs rûn er op in seare klap
troch ’t bloedread fan in flagge, fjochtsje
woed er foar de ear, it wie gjin grap,
faaks soe de fiere kym noch ljochtsje.

It klapte om de boei deryn,
de gyp en dan der skerp omhinne;
Lemsters joegen om gjin baar of wyn,
se klapten, want se soene winne.

Image

* Siete Meeter

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum