Willem Tjerkstra’s thússide
admin

See en kroech

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1986

Image

De Lemmer, kalm de see noch foar de start
sa’t troch de ieuwen hinne ’t wetter noege
nei de fierte foar it aventoer,
mar as de himel kleuret swart,
dan is it barste en oars bûge.

De Lemmer, ’t skip fan alle waar en wyn,
sylt hjoed foar eigen folk, fan bûten ’t rûge
fan de see, fan binnen rêst noch doer,
mar krijt de skipper gong deryn,
dan rinne fol de Lemster kroegen.

Image

Lit jonkje Jelle* hjoed syn gong mar gean,
hy hat by Teakesyl syn kânsen woegen,
lûkt beret it earst it roer yn lij
en eaget fûl lykas in earn
foar alle Lemsters op it droege.

De Lemmer, rûch de see fier nei de start,
de skoaten spand, de mêsten kreakje, bûge,
’t ieuwenâlde aventoer wurdt nij,
De Lemmer krijt opnij syn part:
de winst op see en yn de kroegen.

Image

* Jelle Reyenga

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum