oktober 9, 2025
Fersin dy net,
want wyld groeit hy derhinne,
wiist dy wilens op dyn rjocht
datst fan syn fruchten ite meist,
mei him is noch in wrâld te winnen.
Fersin dy net,
fjoerread binne de blêden
dy’t men oansjocht foar syn keunst
om earst it eigen folk te jaan,
dêrmei de hiele wrâld te rêden.
Fersin dy net,
flymskerp binne de toarnen
foar it folk dat hy besjocht
as plôkers fan syn eigen folk,
fiktoarje kraait syn pronkske hoanne.
Fersin dy net,
hy is net út te rûgjen,
altyd stekt er op de kop:
narsist en boppedat rasist,
syn toarnen kinne ’t bloed wol sûgje.
oktober 1, 2025
juni 25, 2025