april 30, 2025
fan ûnbekend*
It rûn finaal op oarloch út,
de twadde oer de hiele wrâld
mei net te tellen moarden,
ús lantsje, iuwen lang al tolerant,
sleat doe de grins foar Dútske Joaden.
De grins fertelt yn alle tiden:
it rint grif út op genoside.
De tiid rûn troch nei Israel
op kosten fan de Palestyn,
ferjage troch de Joaden,
dy’t muorren bouden as in sletten grins,
wat net mei tolerânsje spoarde.
De grins fertelt yn alle tiden:
it rint grif út op genoside.
It rûn finaal op oarloch út,
beheind noch ta de lytse wrâld
fan Gaza, sletten oarde
om’t Joaden sleaten tiden elke grins,
de honger stjoerden sy as boade.
De grins fertelt yn alle tiden:
it rint grif út op genoside.
De koälysje fan ús lân,
dat grut is yn syn lytse dwaan
en litten, hat as koade:
kollaborearje mei ús Israel,
wy biede stipe oan de Joaden.
It is de flok fan alle tiden,
it krûpen op ’e moardners side.
* Yllustraasje ‘Genoside’
april 26, 2025
april 22, 2025