Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wêr binne de profeten

Polityk

fan ûnbekend*

Wêr binne de profeten bleaun
dy’t earder skerp fan mûle
sloegen mei ’t rjochtfeardich wurd
tirannen om de earen,
sadat sy fan har fuotstik foelen.

Sprekt in profeet yn Israel
de moardners nei de mûle,
dan ferdraait er ’t rjochte wurd
dat sprekt fan genoside…
hear, Israel, de berntsjes gûlen.

Do razer yn Amearika
slachst ticht de iepen mûle
fan wa’t sprekt it wiere wurd,
fertroust op nep-profeten,
dy’t foar dy op ’e knibbels foelen.

Do rudich Russysk patriarch
praatst mei in fluenske mûle
sels de satan nei de bek,
as nep-profeet bist moardner
om’t withoefolle deaden foelen.

Wêr binne de profeten bleaun
dy’t, oars as diplomaten,
sprekke op tsjin de tiran,
al kostet har it libben,
oer hinne-wer falt net te praten.

* Yllustraasje ‘Profeet’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum