december 15, 2024
fan ûnbekend*
Frank en frij, sa soe it heve:
Frankryk gjin koloniale macht
mear, frijheid foar in nij Vietnam
mei Ho Chi Minh, de kommunist,
yn hiel it lân oan it regear…
Frankryk en Vietnam as neven.
Neven binne wol famylje,
mar se nimme soms net mear yn acht
dat macht de frijheid skeine sil:
troch Ho Chi Minh, de kommunist,
en Frankryk heal noch oan ’t regear…
frede soe gjin rol mear spylje.
Frankryk liet syn bommen falle
op Haiphong, in lêste kramp fan macht
mei tweintichtûzen deaden as
gefolch, koloniale mist
dy’t oploek… Ho Chi Minh de ear
om de frijheid yn te follen.
Foto ‘Ho Chi Minh’
december 9, 2024
december 1, 2024