Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Keninklik sûpe

Keunst

fan Jacob Jordaens*

De kat wit krekt wat no syn plak is,
hat him deljûn ûnder kenings stoel,
gjin lêst hat hy fan sûpers lûden,
as hysels mar ûnderdak is.

De hûn kin net oer al dy drokte,
siket by de lytste faam syn heil,
dy drinkt har drankje sûnder lûden,
achter har is ien dy’t flokte.

Hij steunt mei sloppe hân de holle;
wylst de tonge út ’e mûle stekt,
kokhalzet hy mei brutsen lûden,
want it waard him wier tefolle.

De wiere sfear lit him hjoed kenne
mei omheech de kanne en it glês;
net al te keninklike lûden
sil de kening grif oan wenne.

Se sille op ’e kening drinke,
dy’t wol op syn slabbe grime kin,
syn krôkjen wurdt oerstimd troch lûden
dy’t foar him jûchheiend klinke.

* Jacob Jordaens (1593-1678)
Skilderij ‘De kening drinkt’


Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum