mei 18, 2024
fan ûnbekend
Mei har fjouweren sil ’t heve,
wat wol moast fan ’t frije folk
fan rjochts dat foarrang easket;
al is de rydstyl ek ekstreem
en wurde sebrapaden wyt,
sadat it swarte folk ûnfeilich rint,
mei hûnderttritich wurdt der riden.
Lit de wylde no mar hearskje,
de boeren jarje út ’e kolk,
it sicht wurdt justjes rommer,
al is ’t kontrakt net hiel sosjaal
en ’t liberale swart noch wyt,
sadat praktyk it fan prinsipes wint,
it folk belibbet rûge tiden.
Mei de wyn út fjouwer hoeken
stekt in stoarm op, wolk nei wolk
fertsjusteret de himel,
’t klimaat feroaret nei ekstreem,
in swarte weach rint oer it wyt
fan wylde hearsker dy’t gjin ramp ûntrint,
’t rampsillich folk bliuwt net fansiden.
* Foto ‘Tongerloft’
november 17, 2024
november 10, 2024