Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De float sylt troch

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1985

It wie reboelje yn de skûtsjewrâld,
twa skippers fuort, want jong foar âld.

Nim no Albert*, skipper fan de grutste stêd,
hy woe wol fuort mei rjocht fan rie
oer wa’t it roer yn hannen nimme soe,
mar wurden binne rêder as de die,
hy wie syn adviseurskip sêd.

Want Ljouwert keas in Zwaga** oan it roer,
de tredde yn de float, ’t hold oer.

Dan noch Teake***, skipper fan Philips syn pream,
mar trije jier en dan al fuort,
om’t hy it skip net fierder bringe koe
as lêste nettsjinsteande ’t nije guod
fan kop oant kont, ferflein de dream.

Want as in ljochtconcern nimt sa’n beslút,
dan giet foar ien de lampe út,
mar sjoch, de float sylt troch.

Image

* Albert van Akker
** Rienk Zwaga
*** Teake Visser

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum