Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Op ‘e nij slavernij

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

Foarst Sedekia hie besletten
alle slaven moasten frij
nei seis jier trouwe tsjinst,
har wurk foar neat wie dan foarby.

Mar nei in koarte frijheid kaam de
omslach, wer de slavernij,
foargoed fergees yn tsjinst
of kaam it wurd fan God foarby?

Syn folk wie út Egypte helle,
dêrwei fierd nei ’t frije lân,
foargoed yn tsjinst fan God
of hold de trouwe tsjinst gjin stân?

Dit folk gie yn tsjin de belofte
fan de slaven bliuwe frij
nei seis jier trouwe tsjinst,
mar dochs begûn it op ’e nij.

Dêrom sil God har frij ferklearje
foar oarloch, honger, pest,
de dea nimt har yn tsjinst,
it frije libben hat dan west.

Yllustraasje ‘Slavernij’



Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum