Ut it skûtsje-argyf 1982
De âlde rôt hie ôfskie nommen,
waard krebintich op it achterdek,
syn wurd wie lykwols amper sliten:
nimmen fûn de útspraak gek
fan Sietse Hobma, dat wa’t lok hie,
koe as skipper steande skite.
In jonge hûn is dravend kommen,
mar blaffe mocht er doe noch net,
syn wurd soe oare skippers bite,
libjend nei de strange wet
dat Jelle Reijenga gjin rjocht hie
steande yn de float te skiten.
In timmerman wie mar in domme
skipper, spikerjend op ’t achterdek
en mear fan dat gesoademiter;
Jelle die as wied er gek,
want Sietse hie him op De Lemmer
leard om steande lok te skiten.
|