fan ûnbekend*
In kleurich byld fan fromme Joaden
mei in pykhoed op it prysterhier
en tûkehout foar ’t brânen klear,
guon hannen bannich, oare gear,
de fraach noch om it offerdier,
in barren neffens de geboaden.
De kristenskilder hat mei gloede
de Joaden ferve op har plak:
it lamke is syn Leave Hear,
foar ’t offer meitsje se it klear;
hy strykt it bloed op harren dak,
dat pogroms yn Europa woedzje.
De ferve hat noch mear te sizzen
oer bluodrich read op it paniel:
de joadske Kaïn mei fenyn
slacht kristen Abels harsens yn;
it offerdier is ’t joadske diel,
op ’t alter sil er slachte lizze.
Us alter is de asfaltdyk,
de flam komt út ‘e gleone piip,
foar ’t offer is der gjin ûntwyk:
ien raam en bliedend leit it skiep
en moarn? It wie de wrâld te ryk
as flinter op ‘e dyk, it laam.
* Dit kleurige skilderij waard sirka 1470 makke
troch in ûnbekende skilder yn Noard-Nederlân.
Hy hat de minsken sa delset as
wiene se fersonken yn eigen tinzen.
Kleuren en figueren lykje in protte
op dy yn midsieuske miniatueren,
hoewol’t dit in paniel is fan likernôch
70 by 50 sintimeter.
|